Op tiisdei efkes lekker útblaze?


Hasto gefoel foar muzyk 🎼, kinst in blaasinstrumint 🎷🎺 bespylje of wolst it leare? Dan binne wy op syk nei dy!

Wy binne de 25 leden fan fanfarekorps Apollo-Foarút. Alle tiisdeis blaze wy yn de Skippersseal yn Aldegea. By ús is de tredde helte krekt like wichtich as de rippetysje 😊
Wy ha in fleurich fanfarekorps mar der kinne altyd nije leden by.

Hasto wol nocht oan in gesellige tiisdeitejûn? Efkes 2 oerkes útblaze 😤, de stress kwytreitsje en lekker laitsje? 😂 Meld dy dan no oan!

Stjoer in berjochtsje 📩 nei bestuur@apollo-foarút.nl of kom gewoan del op tiisdeitejûn om 19.30 oere yn de Skippersseal yn Aldegea.

Wy ha der no al sin oan! Do ek? 😃

Bookmark de permalink.