Fotoboek

Beginpagina » Fotoboek » Koffieconcert 2016

Huldiging erelid Trijntje van der Wal - Kielstra

Tryntsje 1.0 neame wy jo de lêste tiid, omdat der in nijere fersy by ús kaam is: Trienke 2.0. Tegearre sieten jim moai njonken elkoar op de alt. Dus Tryntsje 1.0, hjir steane wy dan. Mei de foto’s op de beamer hiene jo fêst wol yn ‘e gaten dat it no om jo gean soe. Jo binne 46 jier lid fan Apollo-Foarút, en dat is in hiel skoft. Mar lit ik by it begjin begjinne. Tryntsje is fuort nei de oarloch yn 1945 lid wurden fan Apollo yn De Pein. Sy wie doe in famke fan 15 jier. Yn 1955 is se mei Sjoerd nei Driezum gong, want Sjoerd waard dêr haad fan de legere skoalle. Sjoerd en Tryntsje krigen fjouwer bern: Harke, Jannes, Geertje en Anneke. Nei goed 40 jier kamen se werom yn De Pein, en yn 1997 is Tryntsje wer mei blazen begûn. En yn dy 46 jier ha wy moaie dingen mei jo belibbe. Op ien fan ús stúdzjedagen, in pear jier lyn, yn Paviljoen De Leyen, wie ‘t striemin waar en it waaide wol wynkrêft 10. Tryntsje wist net seker of se komme koe, want se wie al in pear dagen siik. Mar op de bewuste dei gong healwei de moarn de doar iepen en dêr stie Tryntsje, as in fersûpte kat. Sjoerd hie har healwei de dyk nei’t paviljoen ôfset en se hie it lêste ein rûn, dat sadwaande. Se woe net meiblaze, mar fûn it idee fan in stúdzjedei sa moai, dat se der al by wêze woe. Tryntsje belibbe wol faker aventoeren ûnderweis. Sa ried se nei in rippetysjejûn wer nei hûs en miende ûnderweis wat frjemds te sjen. It like wol in stikelbaarch. Nee wacht, it wie in skylpod! Wat die dat bist dêr oan ‘e kant fan de dyk? Tryntsje stoppe, want se moast dit bist rêde fansels. Doe’t se der mei de noas boppe op stie , seach se dat it in dikke stien wie. Dy hat se mar lizze litten. Tryntsje hat omtinken foar bisten, mar ek foar minsken. As ien fan ús leden wat ûnder de lea hie of in behanneling ûndergean moast, krige hy of sy steefêst in kaart fan Tryntsje mei in moaie tekst derop. Tryntsje wie altyd attent mei soksoart saken. Wy wiene op ús beurt ek attent as der wat mei Tryntsje wie. Doe ‘t Sjoerd en Tryntsje 55 jier troud wiene en in feest yn it doarpshûs yn De Pein joegen, kaam Apollo-Foarút om te blazen. Tryntsje wie poernijsgjirrich hoe’t wy dêr achter kaam wienen. Wa hie it korps frege te kommen? Tryntsje frege mar troch, mar net ien joech antwurd. Oant hjoed de dei wit se noch net hoe‘t sit. En dat litte wy ek moai sa. Al dy jierren blaasde Tryntsje mei in soad wille by ús. Mar in pear jier lyn rekke se slim siik. Se moast in swiere operaasje ûndergean en krige dêrnei ek noch in fikse longûnstekking. It like efkes slim mei har en wy wiene flink ûngerêst. Mar Tryntsje klautere wer by de wâl op. Samar ynienen wie se der wer op in rippetysjejûn. Wy wiene bliid foar har en foar ússels fansels, want Tryntsje blaast har partij noch knap mei. Dochs joech se in pear kear oan om op te hâlden, mar wy koene har elke kear oertsjûgje om te bliuwen. En har longarts holp ek in hantsje mei. Hy sei dat se by it korps bliuwe moast, want blazen wie hiel goed foar de longen. Ek thús hie Tryntsje de noadige soarch om Sjoerd. Mar gelokkich wie der ek goed nijs yn de famylje Van der Wal. Jim kenne allegear Ted Jan Bloemen wol, in goeie reedrider dy’t nei Kanada emigrearre is en no yn de Kanadeeske kernploech sit. Hy is ferline jier troud mei Marlinde, in beppesizzer fan Tryntsje. Op in rippetysjejûn hiene wy bonbons by de kofje. Fan wa krije wy dit lekkers, wie de fraach. “Fan my”, sei Tryntsje. Binne jo jidzje west, frege ien. “Nee”, sei se. “Marlinde is troud mei Ted Jan Bloemen, dêrom krije jim in traktaasje.” Stadichoan liet it gehoar Tryntsje wat yn de steek. Dat is foar muzykmeitsjen net sa handich. Tryntsje krige dêrom in gehoarapparaat. Mar se ferjit him ek wol ris. Sa waard der nei in rippetysje de jûns let belle nei de kroech. Ja, guon fan ús dogge ek oan in trédde helte, dus sadwaande wiene wy hjir noch. It wie Tryntsje oan de telefoan. Se wie har gehoarapparaat kwyt. En oan ús de fraach oft wy wol efkes sykje woene yn de Skippersseal. “Hoe sjocht jo gehoarapparaat der út?”, fregen wy. “It is in lyts glimmend dinkje”, sei Tryntsje. Mar al hoe bot at wy ek sochten, it dinkje wie net te finen. Letter die bliken dat Tryntsje him sels fûn hie. Hy siet gewoan yn har muzyktas. Tryntsje hâldt wol fan in grapke. Sa hie se ek wol gauris de gek mei de foarsitter. As de foarsitter wat te melden hie, sei se: ”Ik ha it net heard”. En dan waard it noch in kear sein. “Sjochst wol”, sei se dan: “se trapet der alle kearen wer yn”. Tryntsje mocht dan sels de gek mei har dôvens ha, it hearren waard der de lêste tiid net better op. Wy ha noch besocht of ringleiding de oplossing wêze koe, mar ek dat wie gjin súkses. Foar Tryntsje it momint om der echt mei op te hâlden, se wie ûndertusken 85 jier wurden. “Ik kin net hearre wat Geertje seit, de helte fan de tiid wit ik net wêr’t wy begjinne, ek al helpe se my fan alle kanten. Wat ha jim noch oan my? Ik kin lang alles net mear meispylje”, sa sei se. Dochs foel it Tryntsje swier om ôfskied fan ús te nimmen. “Ik sil jim misse”,sei se hieltyd tsjin ús. Doe‘t har ôfskied letter wer te praat kaam, sei se: “Ik wist net hoe’t ik it sizze moast.” Wy tochten dat se it der dreech mei hie. Mar dat bedoelde se net. “Offisjeel hearre jo de opsistermyn yn acht te nimmen”, sei se. “Dat stiet yn it hûshâldlik reglemint!” En opsizze moat ek noch skriftlik. Ja, dat witte jim miskien net, mar elk lid heart him oan it húshâldlik reglemint te hâlden en dêr stiet it yn! Mar no is it echt safier. Tryntsje har opsistermyn sit derop. En dan rêst ús noch mar ien ding te dwaan: har earelid te meitsjen fan Apollo-Foarút.
IMG_1261.JPG
IMG_1291.JPG
IMG_1291.JPG
IMG_1289.JPG
IMG_1289.JPG
IMG_1288.JPG
IMG_1288.JPG
IMG_1287.JPG
IMG_1287.JPG
IMG_1286.JPG
IMG_1286.JPG
IMG_1284.JPG
IMG_1284.JPG
IMG_1283.JPG
IMG_1283.JPG
IMG_1282.JPG
IMG_1282.JPG
IMG_1281.JPG
IMG_1281.JPG
IMG_1280.JPG
IMG_1280.JPG
IMG_1279.JPG
IMG_1279.JPG
IMG_1276.JPG
IMG_1276.JPG
IMG_1275.JPG
IMG_1275.JPG
IMG_1274.JPG
IMG_1274.JPG
IMG_1273.JPG
IMG_1273.JPG
IMG_1271.JPG
IMG_1271.JPG
IMG_1270.JPG
IMG_1270.JPG
IMG_1245.JPG
IMG_1245.JPG
IMG_1243.JPG
IMG_1243.JPG
IMG_1242.JPG
IMG_1242.JPG
IMG_1239.JPG
IMG_1239.JPG
IMG_1238.JPG
IMG_1238.JPG
IMG_1237.JPG
IMG_1237.JPG
IMG_1235.JPG
IMG_1235.JPG
IMG_1234.JPG
IMG_1234.JPG
IMG_1232.JPG
IMG_1232.JPG
IMG_1227.JPG
IMG_1227.JPG